Historie

It doarp Reahûs tanket syn bestean oan de Reformaasje. It wie fanâlds in buorskip op it Sânlân ûnder Easterein, in namme dy’t letter as Sânleane begrepen waard. Nei 1580 wie it preekjen fan it Katolike leauwen ferbean. Op in pleats op Slippens of Slyp oan de súdkant fan Sânleane waard sûnt yn it geheim preke. It âlde Slyp lei op it Nijlân, oan wjerskanten fan de lettere feart. Ut de fiere omkriten kamen de roomsken hjirhinne om te tsjerkjen. Om 1670 waard ûnderkommen fûn op Blauhûs of Bongastate oan de noardkant fan de Slachte. In aparte eigen tsjerke mei wente foar de pastoar kaam der yn 1709, wer op Slyp (oan de eastkant). Dy waard yn 1762 opknapt. Fan dan ôf konsintrearren de roomsken út de omkriten har troch hjirhinne te ferhúzjen. Yn 1892 waard de hjoeddeiske Sint-Martinustsjerke boud (mei in eigen hôf fan in pear jier earder). Tepe, de architekt, wie in learling fan Cuypers. Yn 1922 is de Sint Bonifaciusskoalle stichte. Neist tsjerke en skoalle hat it doarp in kafee, mar net earder as op 2 maaie 1955 krige Reahûs de offisjele doarpsstatus. Yn de simmermoannen is de tsjerke mei har moaie glês-yn-lead ruten te besjen.


Slachte  of Hege- of Fiifdielsterdyk

De doarpskearn leit bûtendyks yn it âlde Middelseegebiet. De Slachtedyk is in samling fan 42 kilometer diken fan Raerd oant Easterbierrum, oanlein tusken sawat 1200 en 1500. It ein dyk  is ien fan de âldste stikken. It makke diel út fan de hoep om Hidaard, Easterein, Itens en Lytsewierrum. Oant 1907 hie de Slachte in slieperfunksje. By heech wetter koenen yn de syl (dy’t letter in brêge waard) balken pleatst wurde. Dat barde foar it lêst yn 1975. De skreven binne noch altyd ûnder de brêge te sjen. De balken waarden opslein yn it hok. De Slachte is no in monumint, yn behear by de Fryske Feriening ta natuerbehâld, It Fryske Gea. Alle fjouwer jier en foar it earst yn 2000, is dizze dyk it toniel fan de Slachtemarathon.


Frentsjerterfeart

De Slachte krúst yn Reahûs de Frentsjerterfeart, de feart fan Frentsjer nei Snits, ien fan de âldste fearten  yn de Greidhoeke. Foar 1200 rûn er oer Skearnegoutum nei Snits, mar doe waard er tusken Boazum en Riensterhoeke ôfdamme en nei it westen ta ferlein. Der hat in tiid west dat der twa wetters nei it westen rûnen, de Ald Rij (op nei Turns) en de Rien (op nei Hidaard).Yn 1527 waarden se op de hichte fan Sânlean (Reahûs) mei in nij groeven tuskenstik mei elkoar ferbûn en kaam yn de dyk in syl. Mooglik bestie dat dwarsstik al langer en hie it yn de Saksyske tiid allinnich mar ôfsletten west. Ea wie de feart foar de hannel tusken Snits en Frentsjer, hjoeddedei is er foar rekreaasje en ôfwettering. De feart is op Frysk boezempeil.




P

Home

Welkom

Dorpsbelang

Nieuws

Bedrijvigheid

Sport en spel

Foto’s

Contact

 Reahûs is ook actief op Facebook. Wilt u als eerste op de hoogte zijn van alles wat er in en om het dorp gebeurd? Maak dan snel een account aan via de knop hieronder.

reahus@live.nl

Volg ons dorp!

Informatie

HomeWelkomDorpsbelangBedrijvigheidSport en spelFoto'sContact